Fertochten brânen De Jouwer pakt

22 des 2006 - 10:39

De plysje hat sân fertochten oanholden foar 42 brânen op 'e Jouwer. Se komme allegear fan 'e Jouwer. Trije fan har binne 16 jier, twa binne 18 jier, de oare twa binne 20 en 23 jier. Se ha bekend ferantwurdlik te wêzen foar 33 brannen.

Ien fan de fertochten bekende de wenningbrân fan mids septimber dêr't de bewenster (76) slim by ferwûne rekke. Fierders hawwe de fertochten benammen konifearen yn 'e brân set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)