Fertochten brân Griene Stjer

19 maaie 2004 - 00:00

De plysje hat tiisdei twa mannen (21 en 24) út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan brânstifting yn by de Griene Stjer. Troch it yn de brân stekken fan folders wie in natuergebiet fan 800 by 300 meter ôfbaarnd.

De mannen ha ûntkend wat mei de brân te krijen te hawwen en binne wer frijlitten. Se waarden troch de plysje út in boatsje helle yn it Ouddeel. De brânwacht hie de brân yn in oere ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)