Fertochten Aldi-oerfal oppakt

23 apr 2004 - 00:00

De plysje hat twa manlju út Amsterdam oanhâlden foar de oerfal op in Aldi-filiaal op 'e Jouwer, yn maart dit jier. Tsjin slutingstiid hiene se it personiel mei in pistoal bedrige, mar se hawwe neat meinommen.

De Amsterdammers binne moandei yn in wente oppakt en foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris. De wente is trochsocht, wêrnei't besletten is de twa noch tsien dagen langer fêst te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)