Fertochte ynbraak Frjentsjer

31 jan 2013 - 09:58
  • Ynbraak

De plysje hat yn Harns in tredde fertochte oanhâlden foar belutsenheid by in wenningynbraak oan de Seisbierrumerwei yn Frjentsjer. Sneintejûn, fuort nei de ynbraak, waarden al twa fertochten oanhâlden. Neidat ynbrutsen wie yn de omjouwing fan sporthal De Trije hold de plysje de fertochten oan, mar dy naaiden út doe't de plysje har tas trochsykje woe. In 21- en in 22-jierrige Frjentsjerter koene deselde nachts noch oanhâlden wurde. Yn de tas dy't se by har hiene siet guod dat stellen wie út it hûs op de Seisbierrumerwei.

Woansdei waard ek de lêste fertochte, in 19-jierrige Harnzer, oanhâlden. De plysje fertinkt de manlju fan mear ynbraken yn Harns en omjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)