Fertochte Wâlterswâld wike fêst

18 mrt 2006 - 16:51

De 22-jierrige haadfertochte dy't belutsen west hat by de sjitpartij yn Wâlterswâld, bliuwt in wike langer fêstsitten. Justysje beskuldiget de man fan poging ta swiere mishanneling mei opset sin. De man hat yntusken bekend.

De oare twa fertochten binne frijlitten. Der binne gjin oanwizings dat se belutsen wiene by de mishanneling fan de plysjeman. Dy syn kollega begûn nei de slaanderij te sjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)