Fertochte ûntfierde poppe pakt

12 nov 2010 - 12:00

De man (30) dy't freedtemoarn yn Eastermar in fjouwer wike âlde poppe ûntfierd hie, is oanhâlden. De plysje hie fuortendaliks nei de melding grut ynset op de achterfolging fan de man. Krekt foar tolven is de fertochte yn Eastermar oanhâlden. De poppe mankearret neat.

De man is de heit fan de poppe. Hy wie freedtemoarn nei in rúzje mei de mem mei it jonkje útnaaid. Nei in pear oeren omriden yn de omjouwing koe er klemriden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)