Fertochte Twizeler oanholden

04 nov 2010 - 10:08

De plysje hat woansdeitenacht op de Marswei yn Ljouwert in 32-jierrige man út Twizel oanhâlden. Plysjeminsken seagen de man rinnen op bedriuwe-terrein De Himrik en op de Marswei sprinte de man ynienen hurd fuort.

De plysje fûn de man achter in loads. Hy hie brekark en in knipmes by him. Boppedat koe de man him net legitimearje, dêr hat er úteinlik in bekeuring foar krigen. De plysje hat op it terrein gjin spoaren fan ynbrekkerij of fernielings fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)