Fertochte Tsjûkemar útlevere

02 apr 2014 - 17:54

De 26-jierrige Roemeen dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de moard op Omar Kourrich út Amsterdam, is oerbrocht nei Nederlân. It lichem fan Kourrich waard ferline jier fûn by de Tsjûkemar. Foarbygongers seagen it ferbaarnde lichem lizzen en warskôgen de plysje. De fertochte is oanhâlden yn Denemarken en útlevere oan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)