Fertochte Stienwyk frijlitten

23 sep 2010 - 22:45

De man út Meppel dy't sûnt ein augustus fêstsiet yn ferbân mei de dea fan in ynwenner fan Stienwyk is tongersdei troch de rjochtbank yn Zwolle frijlitten. It soe mooglik om deselde man gean dy't ferantwurdlik wie foar de moard op de Anne-Marie van Loon út Finkegea yn 1997. Se waard by de Spoekeplas yn Noardwâlde ferkrêfte en fermoarde.

De man út Meppel krige doe 8 jier sel en TBS mei twangferpleging. Hy is noch wol fertochte yn de saak yn Stienwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)