Fertochte stellerij meldt him

20 sep 2014 - 14:44
  • Ynbraak

De 31-jierrige man út Boalsert dy't begjint dizze moanne betrape waard by stellerij, hat him freedtemiddei melden op it plysjeburo. De man wie útnaaid neidat de plysje him betrape hie by it stellen fan stiel by in bedriuw yn Nijlân. Syn auto liet er doe achter. Op basis fan it kenteken die bliken dat de auto fan de 31-jierrige Boalserter wie. De plysje hat deselde nacht ek noch it hûs fan de Boalserter ûndersocht, mar de man wie oant freedtemiddei poater.

De man hat de stellerij no ek tajûn. De man is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)