Fertochte stekpartij oanhâlden

16 sep 2003 - 00:00

De plysje hat in man (21) oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan de stekpartij moandei yn de C1000 oan it Piet Kramerplein yn Ljouwert. De man is op oanwizing fan in tsjûge oanhâlden yn in hûs yn de Frijheidswyk. Hy wennet yn Easterwâlde en is fan Somalyske komôf.

Hy ferwûne in kassjêre fan de supermerk. In klant jage him út de winkel. Nei in fjochtpartij mei dizze man naaide de fertochte út. Hy sit no fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)