Fertochte socht yn ferbân mei natuerbrân De Haule

12 maaie 2015 - 12:05
  • By de brân by De Haule gie in bunder natuergers ferlern

De plysje siket in fytser dy't derfan fertochte wurdt dat er moandeitejûn de natuerbrân by de Blauwe Bosk by de Haule oanstutsen hat. Krekt foar't de brân útbruts, seagen tsjûgen in man útnaaien.

It giet om in man fan 1.80 oant 1.85 meter lang mei donker krolhier. Hy hie in spikerbroek en in blau nylonjack oan. Syn fyts hat twa fytstassen mei opfallende reflektorstrepen op de achterkant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)