Fertochte Snitser wer frij

30 nov 2010 - 17:09

De 29-jierrige Snitser dy't ferline wike oanhâlden is op fertinking fan belutsenens by in sjitterij yn Eindhoven, is wer frij. Neffens de plysje yn Brabân binne der net genôch grûnen dat er festhâlden wurde kin.

By de sjitpartij kaam in man om it libben. It 28-jierrige slachtoffer waard fûn yn de Venuslaan yn Eindhoven. Buertbewenners hiene heard dat der sketten waard. Tweintich resjersjeurs wurkje oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)