Fertochte skutter linkshandich

14 okt 2014 - 21:19

De man dy't belutsen west hat by de sjitpartij heal septimber op De Kei yn Ljouwert, is linkshandich. Dat is te sjen op de kamerabylden dy't tiisdeitejûn te sjen wienen yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Dêrop is dúdlik te sjen dat de man in wapen yn syn linker hân hat. Fierder hat de plysje bekend makke dat it nei alle gedachten om in man giet fan Antilliaanske komôf dy't net út de regio komt.

By de sjitpartij by de flat waard op strjitte fiif kear sketten. De útstjoering hie woansdeitemoarn noch gjin tips opsmiten.

In soad minsken wiene hjir tsjûge fan. Net ien rekke ferwûne. De sjitpartij wie it gefolch fan in rûzje tusken fjouwer manlju.

Sjoch hjir foar de fideobylden by Opsporing Verzocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)