Fertochte skutter langer fêst

24 jan 2013 - 13:52
  • Sjitpartij Easterwâlde

De 29-jierrige man dy't fêstsit foar syn belutsenheid by de deadlike sjitpartij yn Easterwâlde begjin jannewaris, bliuwt langer fêstsitten. Dat hat de rjochter tongersdei besletten. De man moat noch seker tritich dagen langer sitte.

Op 9 jannewaris kaam in 51-jierrige man út Easterwâlde om it libben, neidat er besketten wie. Fuort dêrnei waard de 29-jierrige man oppakt. Oer de achtergrûn fan it misdriuw is noch net in soad bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)