Fertochte sjitpartij oanhâlden

16 maaie 2007 - 22:34

De plysje hat in nije fertochte oanhâlden yn ferbân mei de sjitpartij tusken Antillianen fan ôfrûne moandei yn Ljouwert. It giet om in 37-jierrige ynwenner fan Drachten, dy't him woansdeitemiddei sels by de plysje yn Drachten melden hat.

Hy is de tredde fertochte, dy't no yn ferbân mei dizze sjitpartij fêst sit. By de sjitpartij binne in man fan 26 en in ien fan 42 ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)