Fertochte sjitpartij Ljouwert oanhâlden

11 feb 2015 - 18:25
  • It arrestaasjeteam yn aksje

In arrestaasjeteam hat woansdei yn in flatgebou oan de Prof. mr. P.S. Gerbrandywei yn Ljouwert de fertochte fan in sjitpartij oanhâlden. It giet om in 25-jierrige ynwenner fan de stêd. Dy soe earder op de dei op de Foarstreek yn Ljouwert om ûnbekende reden sketten hawwe op in stedsgenoat. Dizze 35-jierrige man rekke dêrby net ferwûne. De fertochte naaide nei de sjitpartij út, mar koe nei ûndersyk oanhâlden wurde. Dêrby is ek it fjoerwapen fûn, dat is troch de plysje yn beslach naam. De fertochte is foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)