Fertochte sjitpartij bekent

15 feb 2008 - 15:56

De 43-jierrige man út De Harkema dy't fertocht wurdt fan twa sjitpartijen yn De Harkema en Koatstertille, hat bekend. De man syn foararrest is freed mei 14 dagen ferlingd.

De fertochte skeat twa wike lyn in frou fan 36 jier út Koatstertille dea. Dêrfoar hie er syn eks-frou en in man op De Harkema delsketten. Nei de sjitpartijen flechte er nei Dútslân, dêr't er in pear oeren letter oppakt waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)