Fertochte sededelikt bliuwt fêst

25 des 2006 - 15:07

De man dy't fertocht wurdt fan it seksueel misbrûken tongersdei fan in 13-jierrich famke út Eastrum, bliuwt noch fêstsitten. Dat hat de rjochter kommissaris moandei besletten. Der is foldwaande fertinking tsjin him. Tongersdei wurdt op 'e nij besjoen oft ferlinging mei 14 dagen tastien is.

De fertochte, in 34-jierrige Grinzer, ûntkent noch hieltyd. De plysje siket mear tsjûgen. It team is nochris útwreide mei 10 resjerzjeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)