Fertochte saak-Lulofs wer fêst

08 mrt 2007 - 14:06

De man (43) dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan Reinder Lulofs is opnij oppakt. De man waard ferline wike troch de rjochtbank frijlitten. De offisier fan justysje gie tsjin dy frijlitting yn berop en krige dêryn gelyk. De man is opnij fêstset, foarearst foar tritich dagen.

Lulofs ferstoar yn 1996 oan de gefolgen fan in brân yn syn pleatske yn Twizelerheide. Foar de brân waard der ynbrutsen yn it pleatske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)