Fertochte oppakt op Ofslútdyk

11 jan 2014 - 10:34
  • Ofslútdyk

In man fan 51 út Den Helder is freedtejûn troch de plysje op de Ofslútdyk oppakt, omdat er fertocht wurdt fan in ynbraak yn Frjentsjer. De man wie sjoen troch in buertbewenner doe't er in hûs útkaam. De buertbewenner gie mei oaren achter de fertochte man oan, mar dy wist út te naaien yn in auto. Omdat de buertbewenners it kenteken fan de auto opskreaun hiene, koe de plysje de man letter oanhâlde.

De fertochte is fêstset foar fierder ûndersyk. It is noch net dúdlik oft ek wat meinaam is út it hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)