Fertochte oppakt foar stellerij bûtenboardmotoaren

04 jun 2015 - 15:29

In 24-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân is woansdeitejûn oanhâlden as fertochte fan it stellen en helen fan bûtenboardmotoaren. In tsjûge seach dat de man oan de Tolheksleane yn Kimswert twa motoaren yn syn auto lade. Hy sette de dief klem mei syn kraan en belle de plysje. Om't de motoaren noch net as stellen opjûn wiene, mocht de man yn earste ynstânsje gean. Doe't letter oanjeftes binnen kamen is de man oanhâlden.

Hy hat bekend dat hy de motoaren yn Ljouwert stellen hie. It stellen guod is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)