Fertochte oppakt foar moard

24 jan 2005 - 19:30

De plysje hat in man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de moard op in 54-jierrige kafee-eigner ferline wike yn Ljouwert. It giet om in 31-jierrige Ljouwerter. Hy is moandei yn it sintrum fan de stêd oppakt. De fertochte is in famyljelid fan it slachtoffer.

De plysje siket noch nei de oare oerfallers. Neffens in tsjûge waard it Ljouwerter kafee ferline wike troch trije manlju oerfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)