Fertochte oppakt foar brân yn hûs Eanjum

05 aug 2015 - 09:52

De plysje hat tiisdeitejûn in 34-jierrige man út Eanjum oanhâlden foar brânstichting. Hy soe syn eigen wenning oan de Stiemsterwei yn 'e brân stutsen ha. Koarte tiid nei't it fjoer ûntstien wie, waard de fertochte oppakt en meinaam nei it buro. Hy wurdt noch heard. De wenning is folslein útbaarnd.

De brânwacht sette manmachtich yn op it behâld fan de twa wenningen neist it rychjehûs. It gas waard ôfsletten om't der mooglik gas frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)