Fertochte by oerfal Drachten

21 feb 2014 - 09:47
  • Plysje

In 33-jierrige man út Roemenië is tongersdeitemiddei yn Leek oppakt foar de oerfal op in juwelier oan de Noarderbuert yn Drachten. De man is letter wer frijlitten, mar bliuwt wol fertochte. By de oerfal hawwe twa East-Europeeske manlju tongersdeitemiddei de meiwurkers fan de juwelierssaak mei in mes bedrige. Se binne útnaaid mei sieraden en wat jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)