Fertochte oanriding oanhalden

19 jul 2006 - 10:45

De plysje hat in frou út Wûnseradiel oanhalden dy't derfan fertocht wurdt troch te riden nei in oanriding. In 11-jierrich famke fan de Jouwer is tiisdei slim ferwûne rekke nei't se skept wie troch in auto op de Hurddraverswei op de Jouwer. De bestjoerder fan de auto is nei it ûngemak trochriden.

De plysje socht stjûgen. De frou is oanhalden nei oanlieding fan in tip fan in harker fan Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)