Fertochte Noardwâlde oppakt

27 apr 2011 - 10:06

De plysje hat woansdei in twadde fertochte oanhâlden yn ferbân mei de fernielings yn Noardwâlde. It giet om in 16-jierrige jonge út Noardwâlde. Tiisdei waard ek al in 17-jierrige jonge út Boijl oppakt. De plysje slút meardere oanhâldings net út.

Sneintenacht waard de nagelnije ynformaasjepeal oan de Rotanstrjitte fernield. By dat TOP Transferium kinne toeristen ynformaasje krije oer it doarp en de omjouwing. It hat goed 150.000 euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)