'Fertochte net earder yn byld'

19 nov 2012 - 18:26
  • Kramers, Bronsvoort en Bilker op de parsekonferinsje

Haadoffisier Bronsvoort en korpssjef Kramers woene moandei net yngean op fragen oer de persoan fan de sneintejûn oanhâlden fertochte Jasper S. (45) út Aldwâld. Bronsvoort woe net kwyt oft de man wol of gjin strafblêd hat. Se woe ek net fertelle oft de fertochte en Marianne Vaatstra inoar wol of net koene. De oanhâlden man hat net earder as fertochte yn byld west.

S. kaam woansdei as fertochte yn byld as gefolch fan de match by it DNA-ferwantskipsûndersyk. Dy fertinking is moandei befestige by it twadde DNA-ûndersyk by it NFI yn Den Haach.

Oer de fierdere stappen yn it ûndersyk woe korpssjef Kramers gjin antwurd jaan. It giet de plysje der no om de fertochte op in goede wize foar de rjochter te bringen. De fertochte sit no yn 'beperking', wat betsjut dat er allinnich mei syn advokaat kontakt hawwe mei. Oan it DNA-ferwantskipsûndersyk hawwe njonken de fertochte sels ek nochris tritich manlike famyljeleden fan de man meidien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)