Fertochte naait út yn boeien

01 jan 2009 - 17:14

In fertochte fan in fjochtpartij is Aldjiersnacht koarte tiid mei boeien en al útnaaid neidat de plysje him oanhâlden hie. De 19-jierrige jonge út Boalsert wie troch de plysje út in fjochtsjende groep helle om't er in mes by him hawwe soe.

In 23-jierrige plakgenoat wie it dêr net mei iens en foel de plysje lestich. Doe't de plysje him ek oanhâlde woe, naaide de earste man hurd út. In pear oeren letter hat er him sels wer by it plysjeburo melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)