Fertochte naait twa kear út

19 nov 2006 - 15:34

De plysje hat sneintemoarn twa manlju fan De Jouwer (19 en 22 jier) oanhâlden foar it fernielen fan in bushokje. Omwenners hiene sjoen hoe't in auto hurd fuortried by it bushokje.

Doe't de plysje mei de tsjûge prate, kaam de auto wer foarby. De plysje joech in stopteken, wêrnei't de auto stilhold en de jongste fertochte útnaaide. In plysjeman wist him dochs te pakken. By it plysjeburo naaide de man wer út. De plysje wyt wa't er is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)