Fertochte moard Miranda Olivier giet akkoart mei grêfferbod

07 jan 2015 - 22:07

De fertochte fan de moard op de 38-jierrige Miranda Olivier út Ljouwert jout gehoar oan it grêfferbod dat it slachtoffer har dochter easke. Advokaat Richard Korver, de advokaat fan it 12-jierrich famke, seit dat de fertochte op de sitting gehoar jûn hat oan dy eask. Se woe dit omdat se graach nei it grêf fan har mem gean wol sûnder it risiko te rinnen dat se yn de takomst de Ljouwerter tsjin komt. Sa'n ferbod bestie noch net en is ek net werom te finen yn wetboeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)