'Fertochte moard earder fêst'

05 des 2012 - 20:20
  • Marijke Heijltjes

De fertochte dy't oppakt is foar de moard op Marijke Heijltjes út Easterwâlde is in bekende fan de plysje en justysje. Dat skriuwt de Nieuwe Ooststellingwerver. Neffens de streekkrante hat de fertochte earder seis jier fêstsitten foar belutsenheid by in sjitpartij yn Drachten. Ek skriuwt de krante dat de man (37) út Appelskea yn it drugssirkwy sit en ferskate minsken bedrige hat.

Marijke Heijltjes is mids septimber dea fûn yn har eigen hûs. Ein novimber is de fertochte oanhâlden nei't hy oppakt wie foar in winkelstellerij.

Hy sit noch yn foararrest. Plysje en justysje dogge noch gjin meidielings oer de saak en de fertochte yn it belang fan it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)