Fertochte mishanneling oppakt

10 feb 2013 - 10:44
  • Fytser oerfallen yn fytstunnel

In 19-jierrige jonge út Ljouwert is sneontenacht oppakt omdat er in man mishannele ha soe. Surveillearende plysjes krigen de melding dat yn de Pier Panderstrjitte ien op strjitte lei dy't net goed wie. Doe't se der kamen fûnen se in man dy't yn elkoar slein en skopt wie. It slachtoffer is mei ferwûnings oan syn gesicht mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Tsjûgen koene de plysje fertelle wa't ferantwurdlik wie foar de mishanneling. Wylst se de fertochte oanhâlden, waarden de plysjes bedrige troch in 24-jierrige Ljouwerter. Dy is ek oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)