Fertochte mishanneling oanhâlden

15 aug 2002 - 00:00

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei bekend makke dat de plysje in fertochte (23) oanhâlden hat. Hy hie in pear wiken lyn in jonge (16) út Twizelerheide swier mishannele.

It slachtoffer krige in klap mei de fûst en sloech achteroer. Hy bruts de skedel, krige in harsenkniezing en bloedproppen yn de holle. De fertochte is oan justysje oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)