Fertochte misbrûk famke oppakt

22 des 2006 - 16:12

By Dokkum is freedtemiddei in man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt belutsen west te hawwen by it misbrûk fan in 13-jierrich skoalfamke. It giet om in man fan 34 jier út 'e stêd Grins.

De plysje kaam de fertochte op it spoar nei in tip. Hy waard oanhâlden yn de buert fan it plak dêr't it slimme misbrûk dy moarns plakfûn hat. It ûndersyksteam fan de plysje bliuwt op folle sterkte, ek mei de Krystdagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)