Fertochte langer fêst

02 apr 2004 - 00:00

De fertochte fan de stekpartij op in skoalle op it Hearrenfean bliuwt tsien dagen langer fêst. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten.

De fertochte (14) krige tiisdei op it skoalplein spul mei in oare jonge (17). Dy waard yn de hertstreek stutsen mei in mes. It slachtoffer leit noch yn it sikehûs yn Swolle. It giet stadich wat better mei him. Neffens de adfokate fan de fertochte hat de jonge spyt en wol er mei it slachtoffer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)