Fertochte koffer op Cambuurplein

16 des 2003 - 00:00

It Cambuurplein yn Ljouwert hat tiisdei fan fiif oere middeis oant acht oere jûns ôfset west fanwege in mooglike bom. Lyk foar it Cambuurstadion stie in iepen attasjeekofferke mei dêrneist in teddybear. It kofferke stie der al de hiele middei, mar doe't de plysje alarmearre waard, is de omjouwing foar de wissichheid ôfset.

Bomeksperts hawwe it kofferke en de bear ûndersocht. It die bliken dat it loas alarm wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)