Fertochte Irakezen frijlitten

10 des 2005 - 09:55

De twa Irakezen dy't fertocht waarden fan de moardoanslach op de sergeant Dave Steensma fan Frjentsjer, binne frijlitten. Der is net genôch bewiis tsjin har. It ministearje fan Definsje hat soks befestige. Steensma kaam op 10 maaie ferline jier om it libben. Twa manlju op in motor smieten in granaat doe't er oer in brege rûn. By de famylje fan Steensma is de frijlitting hurd oankommen, sa lit definsje witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)