Fertochte hat nije advokaat

20 nov 2012 - 10:42
  • Advokaat Jan Vlug

De lanlik bekende advokaat Jan Vlug út Deventer nimt de ferdigening fan Jasper S. út Aldwâld op him, de man dy't sneintejûn oanhâlden is as haadfertochte yn de saak-Vaatstra. Syn saak is moandei oerdroegen troch piketadvokaat Bert de Boer út Snits.

Jan Vlug waard ûnder oare bekend as advokaat fan de Hofstadgroep. Hy hertige boppedat de belangen fan de saneamde 'klusjesman' yn de Deventer moardsaak. Op dit stuit sit de fertochte yn beheining. Dat betsjut dat gjinien kontakt mei him hawwe mei, útsein syn advokaat.

Jan Vlug hat wol kontakt hân mei Jasper S., mar mei dêr fierder neat oer sizze. Hy fynt wol dat dy beheining sa gau mooglik opheft wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)