Fertochte grutte brân ferfolge

02 jul 2014 - 09:39

It Iepenbier Ministearje ferfolget de 39-jierrige man út Drachten foar de grutte brân oan De Kelders yn Ljouwert yn oktober ferline jier. It IM fynt dat de fertochte net foarsichtich genôch west hat. By de brân kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben.

De brân ûntstie yn de winkel dêr't de fertochte wurke. De oarsaak fan de brân wie in gaskachel. De fertochte soe de kachel net goed oansluten hawwe. De rjochtsaak tsjin de man tsjinnet op 16 septimber.

Woansdei om 15.00 oere is in parsekonferinsje oer it ûndersyk nei de grutte brân yn Ljouwert. Omrop Fryslân stjoert dy parsekonferinsje live út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)