Fertochte geweld Ljouwert bliuwt twa wiken langer fêstsitten

22 okt 2015 - 15:26

De Ljouwerter Udo D. dy't fertocht wurdt fan fjouwer geweldsmisdriuwen, bliuwt noch seker fjirtjin dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De man melde him moandei sels by de plysje, neidat er in frou deaslein hie. Hy wurdt der ek fan fertocht dat er dêrfoar in frou op De Weaze delstutsen hat.

Fierder soe er noch twa oare froulju oanfallen hawwe. Udo D. is in eks-tbs-er dy't sûnt augustus frij omrûn yn Ljouwert, mar wol yn de gaten hâlden waard troch plysje en oare ynstânsjes.

Dy koene lykwols net foarkomme dat de man moandei syn misdriuwen begie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)