Fertochte fûn troch oaljespoar

13 jul 2008 - 13:15

Mei help fan in oaljespoar hat de plysje sneontejûn in 19-jierrige ynwenner fan De Haule oanhâlde kinnen. De man wie mei syn auto rjochttroch riden op in rotonde yn de Tonckenwei yn syn wenplak. Dêrby fernielde er tal fan pealtsjes en in pear ferkearsbuorden.

Mei help fan in tsjûge en it oaljespoar dat fan de rotonde nei it hûs fan de fertochte rûn, koe er werom fûn wurde. Tsjin de ynwenner fan De Haule wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)