Fertochte fierder ûndersocht

07 jul 2000 - 12:37

De 24-jierrige fertochte fan de slimme mishanneling by swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert wurdt fierder ûndersocht. De man giet foar psychiatrysk ûndersyk nei it Pieter Baan Centrum.

De man moast tongersdei foarkomme wegens mishanneling fan in 33-jierrige plakgenoat, yn febrewaris. Troch de trochferwizing fan de rjochter duorret it noch even ear't de saak wer tsjinnet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)