Fertochte ferdwining noch fêst

12 apr 2012 - 16:31

De man (35) dy't fêstsit foar de ferdwining fan de Boerumer Michael de Vrieze yn 2010, moat noch 90 dagen langer fêst sitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald. De man waard 14 dagen lyn oan Nederlân útlevere nei't er yn desimber oanhâlden wie yn Moskou. It ûndersyksteam hie de Turkse eks-húsgenoat fan de Grinzer partner fan De Vrieze al lang op it each, mar om't er yn Turkije wie, koe er net oanhâlden wurde. Doe't er syn lân yn desimber nei twa jier ferliet, waard er fuort arresteard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)