Fertochte fan oerfal Poiesz-supermerk Frjentsjer oanhâlden

09 okt 2015 - 15:05

De plysje hat freedtemiddei in 24-jierrige fertochte út Frjentsjer oanhâlden foar de oerfal freedtemoarn op in Poiesz-supermerk yn Frjentsjer. De fertochte is yn Ljouwert oanhâlden.

De Frjentsjerter supermerk oan de Sjaardemastrjitte waard freedtemoarn om tsien oere hinne oerfallen. De fertochte hat in kasjêre mei in mes bedrige. Mooglik hat er in jildbedrach meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)