Fertochte fan heidebrannen oanhâlden

03 jun 2015 - 13:54
  • By de brân by De Haule gie in bunder natuergers ferlern

In 69-jierrige man út Smilde is oanhâlden as fertochte foar it yn de brân stekken fan heidefjilden yn Fryslân en Drinte. De ôfrûne moannen wiene der ferskate brannen. Ut it ynstelde plysje-ûndersyk kaam de 69-jierrige man as fertochte nei foaren. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Hy wurdt linkt oan de brannen op it Fochtelerfean, by Haulerwyk en op ferskate plakken yn Drinte. Tongersdei wurdt de fertochte foarlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)