Fertochte fan deade frou Frjentsjer bliuwt langer fêst

12 feb 2016 - 16:07
  • Plysje foar de doar fan it hûs oan de Eise Eisingastrjitte

De 71-jierrige man út Frjentsjer dy't fertocht wurdt fan moard of deaslach op syn 74-jierrige frou, bliuwt noch fjirtjin dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed besletten. Tongersdei waard nei seksje op it stoflik omskot dúdlik dat de frou dy't tiisdeitemoarn dea fûn waard yn har wenning oan de Eise Eisingastrjitte, mei geweld om it libben brocht is.

De man belle sels de plysje. Hy is doe fuortendaliks as fertochte oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)