Fertochte earder nei PBC

12 nov 2003 - 00:00

De man dy't derfan fertocht wurdt dat er Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap ûntfierd hat, wurdt tongersdei oerbrocht nei it Pieter Baan-sintrum yn Utrecht. Dat is goed twa moanne earder as ferwachte.

De rjochtsaak fynt nei alle gedachten ek earder plak, mar de datum is noch net bekend. De ferwachting is dat it persoanlikheidsûndersyk fan de fertochte yn it Pieter Baan-sintrum seis oant acht wike duorje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)