Fertochte Drachtster saak fêst

23 aug 2003 - 00:00

In 21-jierrige man út Laren dy't ferline wike sneon oppakt is foar fiif ferkrêftings, wie earder fertochte fan ferkrêftingssaken yn Drachten. De man wurdt no fertocht fan ferkrêftings tusken Hilversum en Bussum.

De man waard der fan fertocht dat hy yn april 2001 twa famkes fan 12 en 13 jier ferkrêfte hie yn it Drachtsterbosk. Hy waard dêr yn jannewaris 2002 frijsprutsen om't der net genôch bewiis wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)