Fertochte Drachten net bekend by plysje om problemen mei eks

21 aug 2015 - 12:33

De man út Drachten dy't ferline wike syn eks-freondinne ombrocht hat, wie net bekend by de plysje fanwege problemen mei it slachtoffer. Dat seit it Iepenbier Ministearje. De man hat yntusken bekend dat er de frou mei in mes ombrocht hat. Wêrom't er dat dien hat, kin justysje net sizze.

Dat jildt ek foar de tadracht fan it misdriuw, dêr kin justysje ek neat oer sizze. De man moat woansdei oer in wike wer foarkomme, dan wurdt besletten oft syn foararrest ferlingd wurdt. Justysje wol dat de man fêstsitten bliuwt oant de rjochtsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)